Foto: Marleen Annema
Projekten

Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra giet op toernee troch Opsterlân

4 septimber 2020
De wurkgroep ‘schrijver in school’ fan de gemeente Opsterlân hat mei Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân Lida Dykstra ôfpraat dat sy yn de moannen septimber en oktober op alle 22 basisskoallen yn de gemeente op besite gean sil. Moandei 7 septimber set se útein mei har toernee by OBS De Treffer op De Gordyk.

De wurkgroep, dêr’t ôffeardigen fan basisskoallen en de biblioteek yn sitte, mar ek kultuercoach fan de gemeente Theo Schlepers, hat ek foar eltse skoalle de Lêskoffer besteld. Yn elke koffer sitte tsien boeken fan ferskillende Fryske berneboekeskriuwers, dy’t de BBA spesjaal selektearre hat. It binne allegear ynspirearjende boeken dy’t de kreativiteit prikelje en plezierich foarlêze. De BBA hat boppedat by al dy boeken lesbrieven mei ferwurkingsopdrachten skreaun.

Lida Dykstra wurket yn har skoalbesites mei boeken út dy Lêskoffer, mar sil yn Opsterlân ek oandacht besteegje oan it tema fan de Berneboekewike fan dit jier ‘En toen?’ oer skiednis.

Dykstra fynt it inisjatyf fan de wurkgroep yn Opsterlân geweldich. ‘Gjin skoalle yn dy gemeente wurdt sa oerslein, kriget in kolleksje moaie Fryske berneboeken en in soad ideeën hoe’t jo dêr mei wurkje kinne, oanrikt.  Ik hoopje eins dat mear gemeenten yn Fryslân dit foarbyld folgje sille.’ Dykstra sjocht út nei har ‘toernee’ troch Opsterlân.

Skoallen en ynstellings yn Fryslân kinne harren trouwens noch altyd opjaan foar in besite fan de Berneboeke-ambassadeur, ek de Lêskoffer bestelle én fergees de lesbrieven downloade fia de website www.berneboekeambassadeur.frl.