Projekten

Boeken fan Fryslân presintearret: Literêre jûn

11 maart 2019
Sneon 30 maart o.s. mei Jan Siebelink (auteur Boekewikegeskink), Jetske Bilker (oersetter Boekewikegeskink), Tsead Bruinja (Dichter des Vaderlands) en Eeltsje Hettinga (Dichter fan Fryslân).  Oanfang: 20.00 oere. Lokaasje: Dansschool Saco Velt, Ljouwert. Tagongskaarten à € 7,50 binne no te keap by Boekhandel Van der Velde Ljouwert, de Afûkwinkel of online fia de Afûkwebsjop.

Njonken ynterviews en foardrachten dizze jûn ek de bekendmakking fan de oersetwedstriid fan Dichter fan Fryslân: wa hat de bêste Nederlânsktalige oersetting makke fan it gedicht ‘De redens fan it wurd’? Presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Asing Walthaus.