Foto: Anja van Wijgerden
Projekten

Boekewike- geskink 2020 krijt Fryske oersetting

26 septimber 2019
Troch in gearwurking tusken de CPNB en Boeken fan Fryslân ferskynt it Boekewikegeskink fan bestsellerauteur Annejet van der Zijl yn de Boekewike ek yn it Frysk. Yn 2018 barde dat foar it earst yn it kader fan LF2018. Baukje Zijlstra sil it Boekewikegeskink oersette. De 85ste edysje fan de Boekewike fynt plak fan sneon 7 maart oant en mei snein 15 maart 2020 en hat as tema Rebellen en dwarsdenkers.