Foto: Siska Kroondijk
Projekten

Hilda Talsma skriuwt Frysk kadoboek 2021

29 maaie 2020
Skriuwster Hilda Talsma (1971) út Warten sil it Fryske kadoboek 2021 skriuwe. Yn 2011 ferskynde har earste roman ‘De Twadde Hûd’. Meast resint ferskynde har njoggende roman ‘De Onnie’s en ‘It hynstebal’ (2019). Yn 2017 skreau se it jeugdboek 'Slangen ûnder it bêd' en it lêste diel fan de Wyn-trilogy ‘Wyn fan de winners’. Neist skriuwster is Hilda Talsma ek columnist by Omrop Fryslân.

Hilda Talsma oer it kadoboek 2021: ‘De Fryske taal is foar my al in kado op himsels. Fiele, tinke, prate, lêze en skriuwe yn myn eigen taal, ik wurd dêr hiel gelokkich fan.’

It boek ferskynt op 6 maart 2021, oan it begjin fan de Boekewike. Troch in gearwurking tusken de CPNB en Boeken fan Fryslân ferskynt dan ek it nasjonale boekewikegeskink fan de jonge auteur Hanna Bervoets yn it Frysk.

Hilda Talsma op it Boekefeest in optreden mei in tal oare Fryske skriuwers. Nei it Boekefeest sille oant en mei 27 maart 2021 rûnom yn de provinsje optredens fan dizze skriuwers organisearre wurde.

It kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en wurdt yn 2021 útjûn troch útjouwerij Elikser.