It boekedisplay yn de Coop yn Nijhoarne. Foto: Boeken fan Fryslân
Projekten

In Frysk boek by de boadskippen

30 oktober 2020
Boeken keapest al lang net mear allinne yn in boekwinkel. In soad supermerken bygelyks, hawwe - neist strips en tydskriften - ek in beheind oanbod oan boeken. Njonken it Nederlânsktalige oanbod stelt Boeken fan Fryslân supermerken, mar ek oare winkels, yn de gelegenheid om Fryske (berne)boeken oan it assortimint ta te foegjen.

De saneamde ‘boekedisplays’ fan Boeken fan Fryslân fynst hjir:
Superrr Aldeboarn
Superrr Wurdum
Superrr Top en Twel
Alles ûnder ien dak Burgum
VVV Anjum
VVV Earnewâld
Coop Nijhoarne
Novy Joustra Aldtsjerk
Spar Ychtenbrêge
Lekker Makkelijk Nij Beets
Spar Arum
Coop Winsum

Hasto in winkel en soe sa’n moai rek mei Fryske boeken dêr ek net misstean? Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei Ida Heddema fan de Afûk/Boeken fan Fryslân, 058-2343070 of ida.heddema@afuk.frl.