Foto: Barbara van Rijn Bluet Foto
Projekten

De Berneboekeambassadeur fan Fryslân

19 juny 2019
Fan jannewaris 2020 ôf is Lida Dykstra twa jier lang de Berneboekeambassadeur fan Fryslân. Yn dy funksje fersoarget sy de promoasje fan Fryske berneboeken en jout sa de Fryske taal in gesicht.

It amt fan Berneboekeambassadeur is net nij, yn lannen lykas Sweden, Ingelân, Amearika, Australië en ek Nederlân hat de funksje fan Children’s Laureate/National Ambassador for Children’s Literature/ Kinderboekenambassadeur him al bewiisd. De BBA hat as taak Fryske berneboeken, taal en lêzen te promoten, Frysk taalplezier, lêsplezier en wurdskat te ferbetterjen.

Lida Dykstra sil in fraachbaak foar bern, âlders, learkrêften en oare ynteressearren yn Fryske berneliteratuer en taal wêze, en wol in brêge slaan tusken lêzers en brûkers fan de Fryske taal en organisaasjes. Boeken fan Fryslân stipet de Berneboekeambassadeur yn har aktiviteiten. Skoallen, biblioteken en oare ynstellingen kinne fergees in berop dwaan op de BBA. Dykstra komt dan del, lêst foar, fertelt oer boeken, fersoarget gastlessen of workshops. Sy kin in sit nimme yn sjuerys en sil in tal lesbrieven by Fryske berneboeken meitsje. De BBA sil te folgjen wêze fia in eigen website en social media.

Foar mear ynformaasje en oanmelden sjochst op https://berneboekeambassadeur.frl/.

Oer Lida Dykstra
Lida Dykstra studearre Keunstskiednis en hat û.o. wurke as konservator yn Museum Joure. Tsjintwurdich is skriuwen har berop. Se hat mear as 80 berneboeken op har namme stean, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Bekende titels binne bygelyks Pykje Fjouwer, Skattich, Wenje yn in skilderij of Spegelspreuk.

Neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere bern. By dy boeken lit sy har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis. Sy wûn ferskate prizen, wêrûnder twa kear de Simke Kloostermanpriis. Fan 2015 ôf hat se Skoalskriuwer west. Sjoch ek op http://www.lidadijkstra.nl/.