Still út de poëzijfideo Begjin
Projekten

Poëzijfilm ‘Begjin’ fan de Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV

2 novimber 2020
Snein 8 novimber giet de earste fan in seary koarte poëzijfilms fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De útstjoering is om 17:50 oere, foar Fryslân Dok. Yn it projekt mei filmmakker Herman Zeilstra sille sân gedichten fan de Dichter fan Fryslân ferfilme wurde. De earste poëzijfilm is basearre op it gedicht 'Begjin' dat de Dichter fan Fryslân skreau by de start fan syn dichterskip fan Fryslân.

De poëzijfilms binne ek online te sjen fia de webside fan it projekt Dichter fan Fryslân, Leeuwarden City of Literature, LF2028, de LC en Omrop Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer it projekt Dichter fan Fryslân op www.dichterfanfryslan.nl.

Begjin

Dit is hoe’t it begjint. Dû komst thús en bliuwst
stean by it oanrjocht. It is oer tolven. It hûs is kalm,
mar dû bist it net.

Wat dyn buorfrou rôp, oan ‘e ein fan ‘e jûn, dat
wie ôfwaaid praat. Dû seist der wat fan, mar de
oaren foelen har by.

It sint dy net. It wynt dy yn ‘e holle om. Minsken
binne sa wis. Se meie sa graach prate. Dû lûkst
in kastke iepen en rikst omheech.

Gelokkich is der in heale sek Croky.

*

De pûde is samar leech. En opnij fretst dyself op.
Dû stapst op bêd, hearst it fertroude snoarkjen
neist dy, mar it helpt neat.

De monolooch giet troch. Dû sikest om wurden
om werom te slaan, mar in helder ferhaal wol it net
wurde. Bist de ienling dy’tst froeger ek al wiest.

In ploech is prachtich as der wat te laitsjen falt.
Hoe graach praatst net oer ús Friezen. Mar dyn
sympaty foar de underdog is gjin tafal.

Bist it ommers self, as it tsjinsit.

*

Dû leist thús, mar fol thúsleaze gefoelens. Dû
hearst it waaien en dan ynienen – miskien moatst
pisje – stapst derút.

Sûnder datst der erch yn hast bist al wat rêstiger.
Minsken binne sa wis. Dû moatst der even om
gnize. En dan sjit dy wat yn ‘t sin, in regel,
in pear wurden.

It is genôch. It kriget al foarm. Ast it fange kinst
bist al in hiel ein. Dû rikst fansiden en pakst
âlderwets in pinne.

Dat is hoe’t it begjint.