Foto: Boeken fan Fryslân
Projekten

Organisearje ris in sutelaksje!

24 augustus 2020
De sutelaksje, in moaie finansjele ynstruier. Mear as 50 doarpen yn Fryslân dogge al mei! Nije shirts foar it jeugdteam, dat moaie ynstrumint foar it korps, dat moaiere dekôr foar de toanielútfiering? De measte klups en ferienings kinne wol wat ekstra jild brûke. De sutelaksje biedt jim de kâns om mei in lytse ynspanning (2, 3 oerkes sutelje) de klupkas te spekken.

Hoe wurket dat? As jim meidwaan wolle, prikke jim in datum. Dêrnei is ien telefoantsje of mailtsje genôch. Wy leverje fergees full color folders dy’t jim in wike foar de aksje by de minsken yn de bus smite kinne, dan witte se dat de aksje der oan komt.

Op de dei sels bringe wy de boeken. Wy ha ek in mobile pin-automaat. Nei de aksje nimme wy alles wer mei. Jim ha gjin rompslomp en sitte net mei restpartijen. De organisearjende klup/feriening soarget foar sutelers en kroaden. 25% fan wat der ferkocht wurdt, is foar de klupkas en wurdt op jim rekken byskreaun.

Belangstelling? Belje of mail:

Ferdinand de Jong
Koördinator Sutelaksje
06-23408605
f.jong479@upcmail.nl