Projecten

Willem Schoorstra en Jack Bottleneck: Rosmos & The Blues (reprise)

23 augustus 2019
Na de succesvolle tournee in de Moanne fan it Fryske Boek treden schrijver Willem Schoorstra en muzikant Jack Bottleneck nog één keer samen op met hun programma Rosmos & The Blues'. Op vrijdag 6 september om 20.30 uur in Café Marktzicht in Drachten: smeuïge verhalen, maffe invallen en te gekke muziek! Toegang gratis.

Sawol de ferhalen fan Willem Schoorstra as de nûmers fan Jack Bottleneck binne rau en earlik, net sûnder humor en altyd fitaal. Rosmos & the Blues giet oer fallen, oer hiel meitsjen en oer wille. Rosmos & the Blues giet oer it fieren fan it libben. Schoorstra: ‘De blues is it libben sels: rau en earlik, in stomp yn ’e mage, in skop ûnder de kont. It programma fan Jack Bottleneck en my docht krekt dat: it stompt yn ’e mage, it skopt ûnder de kont.’

Oer Rosmos
Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. Fol faasje nimt Willem Schoorstra de lêzer mei yn in ferhaal oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. Oer it opwaarmjen fan djipfriessatee yn in wettersieder. Oer seks as jierdeikado yn it ramt fan in famyljetradysje. Schoorstra skreau Rosmos op ferysk fan Boeken fan Fryslân as kadoboek yn de Moanne fan it Frysk boek 2019.