Provinsje Fryslân makket € 559.000 subsydzje beskikber foar sichtberens fan it Frysk
De regeling hat ta doel om de sichtberens en it brûken fan ’e Fryske taal yn it iepenbiere libben en yn ’e publike romte yn Fryslân te fergrutsjen. De regeling stiet iepen oant en mei 10 desimber 2025 en op is op.
- Bedriuwen, ferienings en stichtings kinne subsydzje oanfreegje foar it sichtber meitsjen fan it Frysk by harren organisaasje. Sitsto al fol goede plannen of wolst wol wat mar witst net krekt hoe? Nim yn beide gefallen kontakt op mei de Afûk fia ynfo@praatmarfrysk.nl foar’tst in plan yntsjinnest.
- Gemeenten kinne subsydzje oanfreegje foar it útfieren fan harren taalbelied en it ynsetten fan in meartalichheidskoördinator.
Mear ynformaasje en oanfreegje? Sichtberens Fryske Taal | Fryslan.