Rely Jorritsma, foto: FLMD

Rely Jorritsmapriis 2025: werhelle oprop!

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
28 april 2025
Fan 't jier sille foar de 71ste kear de Rely Jorritsmaprizen foar Fryske ferhalen en gedichten útrikt wurde. Wa’t gading meitsje wol, kin noch oant 15 maaie in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei € 1000,00.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) bepaalde by testamint dat der nei syn dea alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. De stifting Rely Jorritsmafûns oranisearret de priisfraach. De sjuery  bestiet yn 2025 út Marrit de Schiffart, Gerbrich van der Meer en Reitze Jonkman.

Betingsten
It yn te stjoeren wurk mei net earder ferspraat of publisearre wêze, op ynternet stien hawwe, earne foarlêzen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht. Elk mei net mear as ien gedicht en/of ferhaal ynstjoere. Ynstjoeringen moatte yn in Word-dokumint as taheakke maild wurde nei rely@stiftingflmd.frl. Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerder moat apart yn de e-mail fermeld wurde en bliuwt geheim foar de sjuery.

Foar mear ynformaasje sjoch de website www.stiftingflmd.frl.