Rely Jorritsma, foto: FLMD

Rely Jorritsmapriisfraavh 2025 iepensteld

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
30 jannewaris 2025
De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 70ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei € 1.000,-. De ynstjoertermyn slút 15 maaie o.s.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. De stifting Rely Jorritsmafûns oranisearret de priisfraach. De sjuery  bestiet út Marrit de Schiffart, Gerbrich van der Meer en Reitze Jonkman.

It yn te stjoeren wurk mei net earder ferspraat of publisearre wêze, op ynternet stien hawwe, earne foarlêzen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht.
Elk mei net mear as ien gedicht en/of ferhaal ynstjoere.

De ynstjoeringen moatte digitaal as taheakke yn Word maild wurde nei rely@stiftingflmd.frl. Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte apart yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim, ek foar de sjuery. Foar mear ynformaasje sjoch de website www.stiftingflmd.frl.