Rely Jorritsma, foto: FLMD

Relypriis 2022 foar 4 ferhalen en 4 fersen

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
3 augustus 2022
Foar de Rely Jorritsmapriisfraach binne 74 ynstjoeringen ynkommen, 32 koarte ferhalen en 42 gedichten. De sjuery, besteande út Rianne Blokzijl, Oene Spoelstra en Beart Oosterhaven, dy’t de ynstjoeringen anonym ta beoardieling krige, hat fjouwer ferhalen en fjouwer gedichten bekroand.

Yn de kategory ferhalen foelen De Dûns fan Wilco Berga, De sjongende ridder fan Sjoerd Bottema, Skaakles fan Sipke de Schiffart en Scapa Flow fan Geert Nauta yn de prizen.
Wy bin’ klaai fan Edwin de Groot, Vox Celeste fan Fedde Dijkstra, Biografy fan Elmar Kuiper en In Winter fan Minne Velstra wienen de bêste gedichten.

De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 1 oktober útrikt yn it stedhûs fan Ljouwert.

Dichter en skriuwer Rely Jorritsma (1905-1952), hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moast foar de bêste gedichten en ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd.

Sjoch ek www.stiftingflmd.frl.