Foto: Jacob van Essen/ Hoge Noorden

Rikele Hollema winner Grut Frysk Diktee 2025

Oer it Frysk
10 april 2025
It Grut Frysk Diktee 2025 is wûn troch Rikele Hollema fan Earnewâld. Mei net mear as 4 flaters koe hy it fûl begearde Gouden Dakje mei nei hûs nimme. Fan de fiif dielnimmende teams wiene it 'De Natuerminsken' dy’t mei gemiddeld 27 flaters ta bêste ploech fan de jûn útroppen waarden. Ofswaaiend foarsitter fan de Keninklike Feriening De Friesche Elf Steden Wiebe Wieling hie de dikteetekst skreaun.

Yn- en ynfrysk, akutesoarchferpleechkundigen, yrreële, nijmoadrige en ferfijde, dat wiene dochs wol de wurden dêr’t de likernôch 50 dielnimmers yn de Steateseal fan it Provinsjehûs de measte muoite mei hiene. Wieling hie dizze wurden opnommen yn in tekst oer de grutte organisaasje om in Alvestêde-evenemint hinne, oer it meigean mei de tiid en it fêsthâlden oan tradysjes.

Tweintich dielnimmers hiene har op persoanlike titel kwalifisearre foar it Grut Frysk Diktee. Nynke Duijff-Veenstra fan Damwâld, de winner fan 2024, einige dit jier op it tredde plak mei 5 flaters. Maaike Andringa út Ljouwert besette mei 4,5 flaters it fertsjinne twadde plak. Rikele Hollema fan Earnewâld hie mei 4 flaters it bêste diktee ôflevere.

Njonken de tweintich kandidaten giene ek fiif teams fan seis persoanen ûnderinoar de striid oan. De teams fan dit jier bestiene út Bekende Friezen, Eksamenkandidaten Frysk fan it CSG Bogerman yn Snits, Natuerminsken, Rayonhaden en it dweilorkest De Hegemer Dekdweilers, dat al spyljend it Provinsjehûs ynmarsjearre. De Natuerminsken hiene it diktee úteinlik gemiddeld it bêste makke en waarden beleanne mei blommen en boeken.

De sjuery bestie út foarsitter Hindrik Sijens (Fryske Akademy), dosinte Frysk Rianne Blokzijl, Grietje van der Weg (Cedin) en Mirjam Vellinga (Afûk).

Weromsjen
It Grut Frysk Diktee is werom te sjen by Omrop Fryslân, de folsleine dikteetekst is nei te lêzen op fryskdiktee.nl.

Oer it Grut Frysk Diktee
Afûk, Taalsintrum Frysk (Cedin), Fryske Akademy, Omrop Fryslân en de Provinsje Fryslân organisearje alle jierren yn de maitiid it Grut Frysk Diktee. De tekst wurdt altyd skreaun troch in bekende Fries. Foar eardere edysjes hawwe bygelyks waarman Gerrit Hiemstra, politikus Habtamu de Hoop, sjongeres Iris Kroes en sjoernalist Welmoed Sijtsma ek al ris in dikteetekst skreaun.