Foto: Haye Bylstra

Simke Kloostermanpriis útrikt oan Mirjam van Houten

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
26 maaie 2025
Ien kear yn de trije jier wurdt oan it bêste boek út de Fryske berneliteratuer de Simke Kloostermanpriis takend. Freed 23 maaie 2025 barde dat foar de fyftjinde kear. De priis gie nei 'Jelle en Juf', skreaun en yllustrearre troch Mirjam van Houten.

Yn de Petrustsjerke yn Twizel iepene boargemaster en foarsitter fan de stifting Simke Kloostermanlien, Jouke Douwe de Vries, de middei. Oanwêzigen waarden traktearre op in prachtich ferhaal oer in noartske kabouter út it winnende boek, lêzen troch foarlêskampioen Yinthe de Hoop út groep 7 fan basisskoalle ‘De Oanrin’ en muzikant Jankobus Seunnenga naam it hiele publyk mei yn in ferske oer Jelle, spesjaal makke by it boek.

Sjueryfoarsitter Arjan Hut spruts fol lof oer it moaiste boek fan de ôfrûne jierren: ‘Dit is de magyske tinkwrâld fan bern yn optima forma, mar op sa’n wize dat ek folwoeksen lêzers sawol ferrast as fermakke wurde. In soart grapkes komme út de taal wei. Fansels moat Jelle syn luie each útrêste, syn each is soms sa lui dat dy thús op de bank bliuwt om tillevyzje te sjen. Luguber? Nee, hilarysk.’

Kommissaris fan de kening Arno Brok dy’t de priis útrikke mocht, hie ek moaie wurden oer foar de priiswinner en lei nochris út hoe’t literatuer net allinnich de spegel fan de siel is, mar ek it funemint is foar in sterke libbene taal. Kontakt mei oare minderheidsgebieten helpt dêrby om fan inoar te learen hoe’t literatuerbefoardering op beliedsnivo effektyf oanpakt wurde kin. Hy neamde in foarbyld op de Faroëreilannen. Berneliteratuer is namste wichtiger, om’t dêr de hoop foar de takomst út strielet, aldus de hear Brok.

Nei de offisjele útrikking fan de priis en bygeande hânmakke oarkonde troch Nina Peckelsen krige Mirjam van Houten sels it wurd: ‘Hoe komst derby, freegje se my faak. As soe ik net hielendal doge.’ Van Houten naam de oanwêzigen mei yn de wrâld fan de artyst. Skriuwers en keunstners binne neffens har gefoelich foar de flarden út it ûnderbewuste dy’t by elk minske boppe komme. Skriuwers heine se op, gripe se fêst en ûndersykje de mooglikheden. Hoe gekker, hoe mear de muoite wurdich foar har om út te wurkjen.

Ta beslút waarden ek de oare nominearren yn it sintsje setten. Thys Wadman en I.E. Bloem waarden eare mei in jildbedrach en oantinken, as blyk fan wurdearring foar harren priisweardige boeken ‘Heity! Help!!’ en ‘De Freon’.