Tegearre in boekje lêze; in prachtich kado foar Memmedei! foto: Bibliotheken Noord Fryslân & SFBO

Sipke-boekjes kado foar bern yn Achtkarspelen

Frije tiid
15 maaie 2025
Ferline wike krigen alle bern fan 2 oant 6 jier yn Achtkarspelen in twatalich Gouden boekje fan Sipke én in boekelizzer fan Lida Dykstra kado! It is in Memmedei-aksje fan Taalplan Achtkarspelen, in moaie gearwurking tusken Gemeente Achtkarspelen, skoallen, berne-opfang, Cedin, SFBO, Stichting Simke Kloosterman en Biblioteken Noord Fryslân. Taalplan Achtkarspelen set him yn foar in taalrike gemeente en wol it (foar)lêzen en de Fryske taal stimulearje.

De 1.400 boekjes fan ‘Sipke op ’e buorkerij/Sipke op de boerderij’ binne besteld by de Afûk. Op Memmedei hienen de bern de kâns om it kadootsje sels oan harren mem of fersoarger te jaan. Foarlêze is net allinnich goed, mar ek hiel gesellich! In prachtich kado dêrom foar memmedei: tegearre in boekje lêze.

Taalplan Achtkarspelen wiist minsken der graach op dat lêze en foarlêze fan grut belang is foar de ûntwikkeling fan bern. Want dêrmei fergruttest de wurdskat en soargest derfoar dat it bern de taal better begrypt en dêrtroch ek better meikomme kin op skoalle. “Lit ús mei-inoar de Fryske taal libben hâlde en jonge lêzers fereale meitsje op boeken”, sa seit de biblioteek (Noord Fryslân).