Skriuwsto it moaiste Fryske Sinteklaasgedicht?

Berneboeke-ambassadeur Frije tiid
12 novimber 2021
De Fryske Akademy en de Provinsje Fryslân organisearje in Sinteklaasgedichtewedstriid foar jong en âld mei prizen yn ferskate leeftiidskategoryen. De ynstjoeringen moatte foar 1 desimber o.s. binnen wêze en wurde beoardiele troch in deskundige sjuery.

Oanlieding foar de Sinteklaasgedichtewedstriid is de lansearring fan de website Frysker.nl, it nije online taalhelpmiddel fan de Fryske Akademy mei eigentiids digitaal skriuwark dat stipe jout by it opstellen, staverjen en oersetten fan Fryske teksten. Tige geskikt dus foar it meitsjen fan in Frysk Sinteklaasgedicht!

Stjoer dyn gedicht foar 1 desimber nei frysker@fryske-akademy.nl. Fermeld derby dyn namme, adres, e-mail, telefoannûmer, leeftiid en evt. skoalle.

De ynstjoeringen wurde beoardield troch in deskundige sjuery. Der binne leuke prizen te winnen. De priiswinners wurde bekend makke op 4 desimber.

Sinteklaasgedichtewedstriid