Skriuwwedstriid en ferhalejûn ‘BoekFloedBoek’
Heech wetter kin fansels frij ynterpretearre wurde. It kin gean oer it wettertij, kinst heech wetter ha ast nedich nei it húske moatst, of miskien stiet it wetter
dy finansjeel of mentaal oan ’e lippen ta?
Skriuw dyn ferhaal fan op syn meast 1.000 wurden yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen en stjoer dat, mei dyn namme derby, foar freed 15 novimber
nei ferhalewedstriid@boekenfanfryslan.frl.
Wa wit dielsto dan op 29 novimber as winner it poadium mei masterfertellers Sipke de Schiffart, Elmar Kuiper, Gabriëlle Terpstra, Bouke Oldenhof en Meindert Talma. De sjuery sil alle ynstjoeringen beoardielje en nei 29 novimber ek fan kommentaar foarsjen.
‘BoekFloedBoek’ yn Easterlittens
– Freed 29 novimber – 20:00 oere
– ‘Herbergh Het wapen van Friesland’ yn EasterliHens
– Mei: Sipke de Schiffart, Elmar Kuiper, Gabriëlle Terpstra, Bouke Oldenhof, Meindert Talma en Weima & Van der Werf én hapkes en drankjes
– De tagong is fergees