Sneon 1 maaie 2021 yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad
Njonken ús winkel, websjop en de kursussen Frysk dy’t by in soad minsken wol bekend binne, dogge wy ek noch in hiele protte oare dingen. Sa binne wy bygelyks ek aktyf op it mêd fan taalpromoasje op de wurkflier en meitsje wy metoaden foar it Frysk yn it ûnderwiis. Mei de Afûkside yn de krante wolle wy in breed publyk sjen litte wat wy allegear by de ein hawwe. Hasto gjin Ljouwerter Kranten of Frysk Deiblêd? Download dan hjir de side fan maaie.
Mear witte oer it wurk fan de Afûk? Sjoch dan ek ris op dizze webside by ‘Oer de Afûk‘ en/of abonnearje dy op ús moanlikse nijsbrief om op ‘e hichte te bliuwen.