Soms twirret in gedachte …
Alle seizoenen bringt Leeuwarden City of Literature yn gearwurking mei in dichter, byldzjend keunstner en boekhannels in poëtyske boekelizzer út. Dêr fynst alle seizoenen fan it jier in nij skreaun Frysk gedicht op en ek in nije yllustraasje.
Foar alle boekelizzers krijt hieltyd in oare dichter in skriuwopdracht. Ek wurde alle gedichten oerset yn it Nederlânsk en Ingelsk. Per kalinderjier wurdt in byldzjend keunstner of yllustrator frege om it byld te meitsjen. Hjirtroch passe de fjouwer boekelizzers yn it jier byinoar. Je sammelje se troch in boek te keapjen by de Afûk Fryske boek- en kadowinkel, in fêstiging fan Van der Velde Boeken yn Fryslân of by in oare gruttere boekhannel yn ús provinsje. De gedichten ferskine – yn de trije talen – hieltyd op de webside fan Leeuwarden City of Literature.