Foto: leeuwardencityofliterature.nl

Sprekkende stiennen krije nije ferhalen

Frije tiid
8 july 2025
Yn de binnenstêd fan Ljouwert binne sûnt 2022 saneamde 'sprekkende stiennen’ te finen. Dizze stiennen gesichten binne foarsjoen fan in QR-koade. Wa't se scant, heart in persoanlik ferhaal oer iensumens. Op tongersdei 3 july binne by Kunstruimte H47 acht nije ferhalen en gedichten presintearre. De teksten binne skreaun troch Anne Goaitske Breteler, Peter van Lier, Gerard de Jong en Iris Dicke. Se praten hjirfoar mei ynwenners fan de stêd. De nije ferhalen binne fan no ôf fia de stiennen yn de stêd te beharkjen.

Sprekkende stiennen is it literatuerprojekt fan Ljouwert UNESCO City of Literature dat giet oer iensumens. It projekt is yn de earste edysje fan Arcadia begûn as ûnderdiel fan it programma Over de drempel. Dit is de titel fan de oanpak tsjin iensumens yn de gemeente Ljouwert. Nei oanlieding fan it sukses is besletten om de ferhalen en gedichten om de trije jier te ferfangen. Ommers: de problematyk oangeande iensumens – dat eins elk minske wolris treft – fertsjinnet bliuwend omtinken. Ljouwert City of Literature fynt it dêrby wichtich om minsken derfan bewust te meitsjen dat literatuer de blik fan minsken op de wrâld ferromje kin.

Persoanlike ferhalen
De nije skriuwers – Anne Goaitske Breteler, Peter van Lier, Gerard de Jong en Iris Dicke – hawwe de ôfrûne moannen praat mei minsken dy’t in perioade kend hawwe wêryn’t se net meidwaan koene mei de mienskip. Hoe giene se dêrmei om? Wêr hiene se foaral lêst fan? Mar ek: wat slagge wol? Foar de skriuwers wie it dêrnei in nijsgjirrige syktocht nei hoe’t je in partikulier ferhaal omsette kinne yn in boeiend skreaune ferhaal of gedicht. Sytse Jansma, projektkoördinator: “ Wat we veel van de vertellers hoorden was dat ze het erg fijn vonden dat er zo’n aandacht was voor hun persoonlijke verhaal. En vooral ook dat ze er trots op waren dat hun verhaal straks in de stad te beluisteren is. ” Nij oan dizze edysje is dat de ynstellingen dêr’t de stiennen oan de gevels hingje, sels minsken oandroegen hawwe. Jansma: “ Verrassend genoeg was er bij elke instelling gemakkelijk iemand te vinden die bereid was om zijn verhaal te doen ”.

Hoe wurket it?
Yn de binnenstêd fan Ljouwert hingje acht moaie stiennen fan gesichten oan de gevels fan ferskate gebouwen. Oan de sydkanten fynst in QR-koade. Troch dizze te scannen, litst de stiennen sprekke. Der is in folder mei plattegrûn te krijen, ûnder oare by Obe of sjoch op leeuwardencityofliterature.nl.