Foto: iStock

Stim foar de Fryske Telefyzjereklame Publykspriis

Frije tiid Oer it Frysk
21 juny 2019
Oant en mei 7 july kinne jo stimme foar de 18e Fryske Telefyzjereklame Publykspriis. Dy wurdt alle jierren organisearre troch de Kommisje Fryske Reklamepriis fan de Ried fan de Fryske Beweging.

De trije nominearre spotsjes binne:

– “Grutsk op ús greidefûgels”
– “De fytsesaak fan Joop Zandberg”
– “Wy hâlde fan netsjes” fan Aquacell

Jo kinne dêr in kar út meitsje en stimme op www.fryskereklamepriis.frl. Jo meitsje dan ek kâns op in iPad! It doel fan de Fryske Reklamepriis is om it brûken fan de Fryske taal yn kommunikaasje-uteringen fan bedriuwen en organisaasjes te stimuearjen.