Suksesfolle start Listen-projekt yn Valencia

ELEN Leare & ûnderwiis Minority languages Oer it Frysk Op it wurk
21 novimber 2019
De earste gearkomste fan it Listen-projekt is hâlden yn Valencia op 22-23 oktober. De partners:  Universitat de Valencia, ELEN, Conradh na Gaeilge, Consiglio Nazionale Delle Ricerche, IAITH: Welsh centre for language planning, Universitatae Sapientia Din Municipiul Clujnapoca troffen inoar dêr foar it earst. It Listen-projekt is in Erasmus+ projekt en draait hielendal om taalassertiviteit. It doel fan it LISTEN-projekt is om sprekkers fan in minderheidstaal te trenen om har bewust te meitsjen fan harren taalhâlding en -gedrach en dat gedrach te feroarjen troch de ûntwikkele strategyen foar taalassertiviteit ta te passen.

Under de earste gearkomste binne in soad administrative saken besprutsen en it projektlogo, makke troch Wedabigid út Fryslân, waard presintearre. Dêrneist hawwe de partners ynformaasje útwiksele oer harren taalsitewaasjes en oer de mooglikheden, talinten en kânsen fan elke partner om dit projekt ta in sukses te meitsjen.

De earstkommende ynternasjonale byienkomst sil yn jannewaris yn Pisa wêze en de earste treningsdagen sille hâlden wurde yn de earste wike fan febrewaris yn Valencia.

Yntusken sille de partners wurkje oan de ynput foar de treningen, de website en in mooc. Dêrneist sille de partners yn harren eigen regio de treningen en wurkwinkels oan de man bringe en útlizze wat taalassertiviteit is en wat it betsjutte kin foar minderheidstalen.