Frysk prate by de slachter yn Bûtenpost

Súksesfolle edysjes fan Taaldoarp yn Bûtenpost en Wommels

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
16 juny 2025
Taaldoarp Frysk sjocht werom op twa súksesfolle edysjes fan it projekt yn Bûtenpost en Wommels. It doel fan Taaldoarp Frysk is om it brûken fan it Frysk bûten skoaltiid oan te moedigjen en ûndernimmers te ynspirearjen om mear Frysk yn harren winkelpraktyk te brûken. Eardere edysjes hawwe sjen litten dat dit echt in ferskil meitsje kin yn it taalbewustwêzen fan jong en âld.

Taaldoarp Frysk is in gearwurking fan Afûk (ûnderwiis), Cedin en NHL Stenden Hegeskoalle. By de pilot fan it projekt yn 2024, rjochte op de stimulearring en de toetsing fan it mûnling taalgebrûk Frysk fan bern op basisskoallen, dienen sa’n 10 basisskoallen mei. As ferfolch op dy pilot is der in gearwurking ûntstien tusken boppesteande partijen (Taalplan Frysk 2030) én de Praat mar Frysk kampanje fan de Afûk, om it gebrûk fan it Frysk yn de mienskip te promoatsjen. Yn dizze nije opset fan it projekt wurdt Taaldoarp Frysk útfierd by ûndernimmers ‘yn de winkelstrjitte’.

Bûtenpost en Wommels
Op freed 23 maaie draaide it programma yn de winkelstrjitte fan Bûtenpost. Learlingen fan de basisskoallen De Mienskip (Bûtenpost), De Bernebrêge (Surhústerfean), De Twa-Ikker (Stiensgea) en De Oanrin (Twizel) bestelden harren pizza en kochten harren fleis, blommen en klean yn it Frysk yn de winkelstrjitte fan Bûtenpost.
Ofrûne freed 13 juny is de twadde ronde fan it gearwurkingsprojekt yn Wommels útfierd. De learlingen giene û.o. nei de fysioterapeut, de bakker, it restaurant en de kapper. Under begelieding fan Pabû-studinten waarden opdrachten útfierd wêrby’t sy Frysk prate moasten. In observant hâldt de boel skerp yn ’e gaten en jout skoares oan de mûlinge sprekfeardigens fan de bern. It is in soarte fan toetsing, mar sûnder dat it echt as in toets fielt.


Win-win
Taalplan Frysk is der op rjochte om yn it ûnderwiis it gebrûk fan it Frysk te stimulearjen. Yn it Taaldoarp giet it dan om it praten fan it Frysk yn sa echt mooglike situaasje en wurdt de sprekfeardigens ek toetst. De Praat mar Frysk-kampanje is der op rjochte om it Frysk te brûken yn de mienskip en it bedriuwslibben: Frysk prate by bygelyks de bakker, dokter, it gemeenteloket, yn de bus en op it sportfjild.
Idee achter it projekt is: bern wurde stimulearre om yn deistige situaasjes it Frysk te brûken, sadat sy dat ek bûten skoaltiid noch faker dwaan sille. Boppedat krije de ûndernimmers foarbylden en ideeën om harren klanten yn it Frysk te benaderjen. In win-win-situaasje. As tank foar harren meiwurking, krigen sy in iepen/ticht-buordsje fan Praat mar Frysk foar op de doar en in spesjale flagge.

Bewustwurding
Ut de earste reaksjes yn Bûtenpost en Wommels blykt al dat ûndernimmers harren troch dizze aksje mear bewust wurde fan it gebrûk fan it Frysk: net allinne yn it mûnling taalgebrûk, mar ek skriftlik. Ien fan de reaksjes fan meiwurkers fan De Kruidhof (Bûtenpost) wie bygelyks: “Ja, wêrom hinget de ynformaasje yn ús winkel eins allinne yn it Nederlânsk en wêrom soenen wy it Frysk net wat mear brûke?”. En dat is presys wat Praat mar Frysk mei dit projekt berikke wol.

Moaie taalynisjativen lykas dizze litte sjen hoe’t ûnderwiis, mienskip en lokale bedriuwen gearwurkje kinne foar in libbene takomst fan it Frysk!