Suksesfolle Fryske Boekewike: Kadoboek Fryske Boekewike ‘útferkocht’
Foaral de Fryske romans wiene yn trek. Der binne yn ien wike tiid noch nea safolle Fryske romans ferkocht as de ôfrûne wike. Linda Eppenga fan boekhannel Planteyn fan De Gordyk befêstiget dat: ‘Der is no in nije generaasje Fryske skriuwers dy’t prachtige boeken skriuwt.’
Lockdownleafde, op fersyk fan Boeken fan Fryslân skreaun troch Hilda Talsma foar de Fryske Boekewike, ferskynde by útjouwerij Elikser yn in oplage fan 1.000 eksimplaren. Utjouwer Jitske Kingma is optein: ‘Ik bin tige bliid mei dit sukses fan de Fryske Boekewike en de erkenning fan Hilda Talsma as skriuwster. Wat kinne je no better lêze yn dizze lockdowntiid as in boek dat net allinne fermakket, mar ek hoop jout. Dy hoop is der ek foar it Fryske boek. It libbet as in hert, dat blykt no wol wer.’
Yn de Fryske Boekewike ûntstiene allegear moaie inisjativen. Skriuwers dy’t sels promoasjefilmkes makken en restaurant ‘De Herberg van Smallingerland’ dat de hiele Boekewike in spesjaal Boekewikemenu oanbea.
Ferfolch Fryske Boekewike
Yn de Nationale Boekenweek fan it CPNB dy’t fan ‘t simmer organisearre wurde sil, wurdt neist it Boekenweekgeschenk, skreaun troch Hanna Bervoets, ek de Fryske oersetting fan Baukje Zijlstra feestlik oanbean. Yn oktober folgje rûnom yn Fryslân literêre optredens, ûnder oaren fan Elske Schotanus, Hein Jaap Hilarides, Hilda Talsma, Emiel Stoffers, Sjoerd Bottema, Jaap Louwes, Geart Tigchelaar en Elmar Kuiper.
Boeken fan Fryslân is in promoasjekampanje foar Fryske skriuwers en útjouwers, mei as doel om mear minsken Fryske boeken lêze te litten. Sjoch ek www.boekenfanfryslan.frl.