Suksesfolste Fryske Boekewike oait!
Ek Anita Schaaf fan Boekhannel Van der Velde yn Dokkum ûnderstreket it sukses: “Wy hawwe noch noait sa’n soad Fryske boeken ferkocht. De hiele kast mei Fryske fiksje en non-fiksje wie praktysk leech.”
It oangripende ferhaal oer de fjouwer bern Zwart út Peazens-Moddergat hat dúdlik in soad lêzers rekke. Skriuwer Anne-Goaitske Breteler: “Ik hie net ferwachte dat de Boekewike safolle opsmite soe. Oeral folle sealen, en dan ek noch in protte nije ynformaasje en bysûndere anekdoates oer de famylje Zwart as reaksje fan it publyk. Ik bin noch altyd oan it neigenietsjen.”
Fanwegen it grutte sukses ferskynt op freed 28 novimber in twadde printinge fan Oan ’e ein fan De Oere yn in oplage fan 1.000 eksimplaren by Utjouwerij Afûk.
