Team ‘Swichum Aktyf’ wint lêste Praat mar Frysk Kroechkwis 2018 yn Wurdum

Frije tiid Oer it Frysk
1 desimber 2018
Ofrûne freed yn in grôtfol doarpshûs ‘De Golle’ yn Wurdum waard alwer de lêste Praat mar Frysk Kroechkwis fan dit jier holden. Sa’n 20 teams hienen har opjûn foar in jûn fol fragen oer Fryslân, it Frysk en Wurdum en omstreken. En úteinlik wûn team ‘Swichum Aktyf’! Lokwinske!

Mei tank fansels ek oan ‘De Golle’, Weidenaar Worst, Douwe Gerlof Heeringa, Sonnema, de Afûk en Drukkerij Van der Eems. Wolle jiim ek ris in Fryske Kroechkwis by jim yn it doarp? Mail nei praatmarfrysk@gmail.com en wa wit komme wy takom jier by jim del om in bierke. En mei de leukste kroechkwis fan Fryslân fansels!