Tekenje alfêst yn foar it Graet Hylper Wordebook

Boeken fan Fryslan Frije tiid Leare & ûnderwiis
25 jannewaris 2019
Nei jierren fan yntinsyf wurkjen ferskynt op 29 maart o.s. it ‘Graet Hylper Wordebook’. Mear as 1000 siden telt dit omfangrike Frysk dialektewurdboek. De wichtichste ûnderdielen fan it wurdboek binne it wurdboekdiel sels, dat mear as 700 siden omfettet, in wiidweidige yndeks Nederlânsk-Hylpersk, in yndeks Frysk-Hylpers en in brede omskriuwing fan de útspraak en de grammatika fan it Hylpers.

Kinst no alfêst yntekenje op dit unike wurk. Ynstee fan € 65,00 betellest dan € 50,00 foar in eksimplaar. Yntekenje kin oant 1 maart 2019 fia ús websjop (ek foar mear ynformaasje) of mei de bon út de folder.