Tjits van der Wal presintearret har earste berneboek – Sake ûntdekt in wûndereilân
In fantasyrike fertelling oer har eigen bern, dêr’t de wille fan bûtenboartsje mei ferbyldingskrêft sintraal yn stiet. Want mei fantasy kinst oeral wêze en alles belibje wat asto mar wolst – en hoechst dy nea te ferfelen!
Tjits van der Wal brûkt har bekendheid om Frysk lêzen ûnder bern aktyf te stimulearjen. Earder sette se mei har fruitprojekt sûn iten op de kaart yn it ûnderwiis – no ferleit se har fokus nei de ferbylding fan it bern. Mei stipe fan de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel giet se mei in boektoer by basisskoallen del yn dizze twa gemeenten. Alle bern fan de middenbou krije it boek dêrby fergees oanbean. It is geskikt foar bern fan 6 oant 10 jier.
Boekpresintaasje
De feestlike boekpresintaasje is op woansdei 16 april om 10.00 oere yn de Teätertún yn Broeksterwâld (Patrimoniumwei 12a). Ynrin is fanôf 09.30 oere mei kofje, tee en fris. De tagong is fergees. Nei ôfrin is der in sinjearsesje en giet de fideoclip Tiidkabine, dy’t by it boek heart, yn premjêre.
It boek, mei yllustraasjes fan Skelte Braaksma is útjûn troch Afûk en komt ek yn de frije ferkeap.
Foar mear ynformaasje oer de TjitsFloch: YouTube.com/@Tjits
Boekgegevens Sake ûntdekt in wûndereilân
Auteur: Tjits van der Wal
Utfiering: ynbûn
ISBN: 978-94-3318-502
Tal siden: 55
Ferkeappriis: € 14,95
websjop.afuk.frl