Toarnbeisykje mei Tomke: spesjale útjefte foar jubilearjend Brommels!

Frije tiid
15 july 2021
Tomke tusken de toarnbeien! Dat is de namme fan in spesjale edysje fan it magazine Tomke, dy't moandei útbrocht wurdt. Yn de bysûndere útjefte belibbet it lytse mantje mei Romke aventueren op it wâldfestival Brommels!. It is in gearwurking tusken Commissie Brommels!, feriening Noardlike Fryske Wâlden en Afûk. It spesjale Tomkeboekje fergees yn de Afûk-winkel yn Ljouwert te krijen.

Foarsitter Albert van der Ploeg fan Noardlike Fryske Wâlden sil moandeitemiddei yn Kollumersweach it ferhaal foarlêze oan pjutten en beukers. “Ik bin tige nijsgjirrich hoe’t de bern der op reagearje,” seit Van der Ploeg. It wurdt dien op it hiem fan in boer. Mei Sigrid Keimpema en Henk Pilat fan de Commissie Brommels! wurde dêrnei de earste eksimplaren útrikt.

10 jier Brommels!
It wâldpyk toarnbeifeest Brommels! bestiet 10 jier en wurdt hâlden op 28 en 29 augustus. Dit jier is útroppen ta jier fan it Nasjonaal Lânskip. Om it te fieren hawwe de partijen de hannen yninoar slein foar in temaboekje. “It wie in idee fan de Stichting Brommels, wy seine: dit moat altyd wêze. It is hartstikke moai yn de Noardlike Fryske Wâlden, dat moatte minsken kennen leare. En bern ek,” seit Van der Ploeg.