Tomke op it MBU
Leare & ûnderwiis
29 oktober 2020
Dizze wike start op it Friesland College in training ‘meartaligens’. Hoe meartalich is Fryslân? Hoe sit dat no presys mei de meartalige ûntwikkeling? Hoe kin dêr op de pjutte-opfang en op de basisskoalle op ynspile wurde? Watfoar Frysk materiaal is der beskikber en hoe kin dat materiaal op in ynteraktive wize ynset wurde?
Pedagogysk meiwurkers en ûnderwiisassistinten yn oplieding leare dêr de kommende fiif wiken alles oer. De training wurdt organisearre troch it Friesland College yn gearwurking mei de Afûk en ferskate partners, lykas Cedin, Boeken fan Fryslân, SFBO en de Fryske Akademy.