Tomkes foarlêsfeest winner fan de Simke Kloostermanpriis 2019

Boeken fan Fryslan Frije tiid
8 april 2019
It berneboek Tomkes foarlêsfeest fan de skriuwsters Auck Peanstra (1954-2016) en Riemkje Pitstra en fan yllustrator Luuk Klazenga, is de winner fan de Simke Kloostermanpriis 2019, sa makket it Simke Kloostermanlien bekend. It winnende boek is yn 2016 útkaam by Utjouwerij Afûk ta neitins oan Auck Peanstra. Sy hat earder de Simke Kloostermanpriis yn 1998 wûn foar har boek Yn piama de dyk oer.

De sjuery, besteande út Sytske Eringa, Geart Tigchelaar en Gerbrich van der Meer, is unanym yn syn oardiel. It oanwizen fan dit boek as winner, sa seit de sjuery, is tagelyk in earbetoan oan alle Tomke-boeken dy’t it trijemanskip fan 1996 ôf skreaun en yllustrearre hat oar it Tomke-projekt, in inisjatyf fan it Platfoarm lêsbefoardering Fryslân, bedoeld foar bern fan twa oant fiif jier. Dêrmei kin de priis ek beskôge wurde as in oeuvrepriis foar de trije skeppers fan de earste oere.

De Simke Kloostermanpriis 2019, besteande út in oarkonde en in bedrach fan 5000 euro, sil op freed 17 maaie, de middeis om trije oere útrikt wurde troch de hjoeddeiske Dichter des Vaderlands, de Fryske Amsterdammer Tsead Bruinja, yn ’e Petrustsjerke yn Twizel. Foar dizze trettjinde edysje fan de Simke Kloostermanpriis sil de orizjinele oarkonde makke wurde troch keunstner Lolkje van der Kooi út Marrum.

Yllustraasje: Luuk Klazenga