Burgemeester Sybrand Buma doneerde zijn stem aan de Ynsprek Maraton

Topkonferinsje oer (Fryske) spraaktechnology yn Ljouwert

Leare & ûnderwiis Minority languages Oer it Frysk
25 augustus 2025
Fan 24 o/m 26 augustus 2025 is Stadsschouwburg De Harmonie yn Ljouwert it toaniel fan de 13e Speech Synthesis Workshop. Mear as 100 ynternasjonale eksperts út wittenskip en bedriuwslibben komme byinoar om in aktuele fraach te beäntwurdzjen: "Hoe kunnen machines natuurlijk, menselijk én inclusief spreken, ook in minderheidstalen?". Dêrom wurdt der ek oandacht frege foar it ynsprekken fan Fryske sinnen fia www.ynsprekke.frl, om mei-inoar in grutte lûdsdatabase op te bouwen foar Fryske spraaktechnology.

Dat dizze konferinsje yn Fryslân holden wurdt, is gjin tafal. Dit is ít plak dêr’t taal en identiteit sterk ferbûn binne. Mei Campus Fryslân (ûnderdiel fan de Rijksuniversiteit Groningen) wurdt hjir al jierren gearwurke oan innovatieve AI-technology mei maatskiplike ympact. Hjir draait it om de takomst én wa’t dêryn heard wurdt. As symboal fan it belang fan taaldiversiteit donearre boargemaster Sybrand Buma moandei as earste syn stim oan de Ynsprek Maraton.

Minderheidstalen yn byld, primeur foar it Bildtsk
Tidens de workshop ûndersykje saakkundigen hoe’t minderheidstalen in plak krije kinne yn ‘e wrâld fan spraaksynthese. Dizze technology giet oer it meitsjen fan in keunstmjittige stim mei in kompjûter. De techniken dy’t tidens de workshop besprutsen wurde, geane folle fierder as de standertstim fan digitale assistinten. Tink oan AI-stimmen dy’t emoasjes werkenne, kulturele kontekst begripe en ek minderheidstalen sprekke kinne. Duorsum ûntwikkele, maatskiplik ferantwurde en hast net fan echt te ûnderskieden. Want wêrom soene allinnich wrâldtalen digitaal beskikber wêze? Matt Coler, heechlearaar spraaktechnology oan de RUG Campus Fryslân: ‘In de Blizzard Challenge werken internationale teams aan de eerste computerstem in het Bildts. Een wereldprimeur met Friese wortels: het Bildts, een streektaal uit Noordwest-Fryslân, krijgt zo een digitale stem. Taaldiversiteit is belangrijk voor spraaktechnologie die menselijker klinkt.’

Ynsprek Maraton: dyn stim telt mei
Net allinnich wittenskippers kinne bydrage oan nije spraaktechnology. Ek ynwenners fan Fryslân kinne aktyf meidwaan. Tidens de Ynsprek Maraton kinne Friezen sinnen ynsprekken yn harren eigen taal fia telefoan of kompjûter. Sa bouwe wy tegearre oan in grutte lûdsdatabase dy’t nedich is om spraakassistinten, apps en tûke apparaten ek yn it Frysk wurkje te litten.

Oftewol: ‘do skinkst dyn stim sadat technology aanst better oanslút by hoe’t wy hjir écht prate’, sa’t Wim Benes fan Mozilla Common Voice seit.

Friesland Convention Partners spile in kaairol by it ferbinen fan partijen lykas RUG Campus Fryslân, Mozilla Common Voice en de Provinsje Fryslân om dit mooglik te meitsjen. “Voor ons is het belangrijk dat congressen niet alleen kennis delen, maar ook tastbare waarde creëren voor de regio,” sa seit Jolanda Prosje, accountmanager by Friesland Convention Partners. “Zo laten we zien welke kennis en innovatie hier aanwezig is én betrekken we onze inwoners actief bij de toekomst van taaltechnologie.”

Oer de organisaasje

De workshop is in satellytevenemint fan INTERSPEECH, de grutste ynternasjonale konferinsje op dit mêd. Dy’t koart hjirfoar plakfûn yn Rotterdam. De organisaasje is yn hannen fan Campus Fryslân, it Speech Tech Lab en de masteroplieding Speech Technology. It Speech Technology Lab rjochtet him op spraaktechnology. It lab wurket oan tapassingen foar lytse talen, ynklusive ynteraksje tusken minske en masine, en de etyske ynset fan AI.