Trije boeken fan de Afûk nominearre foar Simke Kloostermanpriis

Boeken fan Fryslan
17 maart 2025
De nominaasjes foar de Simke Kloostermanpriis 2025 binne bekend. Trije boeken fan Utjouwerij Afûk meitsje kân op de titel bêste Frysktalige berneboek fan de ôfrûne trije jier. De winner wurdt ein maart bekendmakke.

Sjueryleden Akke Gerlsma, Arjan Hut en Martsje de Jong binne it iens oer de trije boeken dy’t yn oanmerking komme foar de Simke Kloostermanpriis 2025. It giet om in priis fan €5000,- mei bygeande hânmakke oarkonde dy’t op 23 maaie útrikt wurde sil yn de Petrustsjerke yn Twizel.

Dit binne de trije nominearre boeken:
De Freon – I.E. Bloem (2023) is de tredde young adult roman fan de skriuwer, dy’t yn 2022 de Simke Kloostermanpriis fertsjinne foar It neidiel fan de twivel. It spannende boek De Freon giet oer in geheim boskfeest yn coronatiid, wylst der yn de buert in oanrander omrint.

Jelle en juf – Mirjam van Houten (2022) is it tredde berneboek fan de skriuwster en yllustratrise. Foar By Beppe útfanhûs wûn se yn 2022 de Diet Huberpriis. Jelle en Juf bestiet út 25 fantasyrike ferhalen oer absurde situaasjes dy’t Jelle mei syn juf belibbet.

Heity! Help!! – Thys Wadman (2024) is if fyfde berneboek fan de skriuwer. Yn 2016 wûn er de Simke Kloostermanpriis foar De oerwinnings fan Tido Houtsma. Heity! Help!! jout in draai oan it ‘meunster ûnder myn bêd’ tema, mei in fertelperspektyf foar it meunster.

De Simke Kloostermanpriis wurdt foar de fyftjinde kear útrikt. Foar it earst by de útrikking ûntfange de skriuwers fan de nominearre boeken in oanmoedigingspriis fan €250,- en wurde sy op 23 maaie ek huldige. De winner wurdt ein maart bekendmakke.