Foto: Istock Book shelves in library. Creativity Background Concept

Trije kandidaten bekend Piter Jelles Priis voor de Letteren

Boeken fan Fryslan
28 novimber 2019
Dichteres Elske Kampen, it poëzyprojekt Poetic Potatoes en skriuwster Jannie Regnerus meitsje noch kâns op de literêre Piter Jelles Priis voor de Letteren. De Moanne, it tiidskrift dat útjûn wurdt troch de Afûk, wie belutsen by Project Poetic Potatoes. De literêre priis wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt oan in persoan of projekt dy't in bydrage leveret oan de Fryske of Nederlânske taal.

Elske Kampen debutearre yn 2010 mei de bondel ‘Fan glês it brekken’. Yn 2017 publisearre se ‘Ynbyld’. Poetic Potatoes is in dichterlik ferslach fan it projekt fan Kulturele Haadstêd, dêr’t poëzy en de ierpel inoar tsjin komme. De Moanne fan de Afûk wie belutsen by it projekt. Regnerus beskreau yn ‘Nachtschrijver’ har moeting mei de Fryske dichter Friese dichter Tsjêbbe Hettinga.

De Piter Jelles Priis voor de Letteren wurdt útrikt op 9 desimber yn de Oranjezaal op it Stedshûs. Oanfang 19.00 tot 21.00 uur. Iepenbiere tagong, oanmelding is net nedich.