Foto: Istock

Trije winners skriuwwedstriid StUFT bekendmakke

Frije tiid Oer it Frysk
20 maaie 2020
De winners fan de skriuwwedstriid fan StUFT, Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel, binne moandei bekendmakke. De winners soene bekend makke wurde op it jubileumfeest, mar dat koe net trochgean fanwegen de koronamaatregels.

Der binne winners yn trije kategoryen. It stik ‘Warschau is sa’n moaie stêd’ fan skriuwer Sietse de Vries is it bêste stik yn de kategory ‘bêste jûnfoljende stik’. André Beeksma wûn mei ‘Pake wol wer heit wêze’ yn de kategory “bêste ienakter” en Aly Cnossen skreau it bêste bernestik mei har bydrage ‘Drakebloed’.

Alle winnende stikken sille útjûn wurde troch StuFT. Fierder krije de winners in jildbedrach takend. De priisfraach waard útset nei oanlieding fan it 50-jierrich bestean fan StUFT.

Op syk nei in Frysk toanielstik? Sjoch dan op de (nije) webside fan it StUFT!