Tsead Bruinja Dichter des Vaderlands

Frije tiid
18 jannewaris 2019
Afûk auteur Tsead Bruinja (1974), earder fan Rinsumageast en no wenjend yn Amsterdam, is de nije Dichter des Vaderlands. Hy sil de kommende twa jier gedichten skriuwe by aktuele saken en hy sil optrede as ambassadeur foar de poëzy. Bruinja folget Ester Naomi Perquin op as Dichter des Vaderlands. Hy hat krekt twa jier 'Dongeradichter' fan de gemeente Dongeradiel west. Bruinja publisearre sûnt 2000 tolve bondels, sawol yn it Nederlânsk as it Frysk. Fan him ferskynden by de Afûk û.o. de dichtbondels Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers en Hingje net alle klean op deselde kapstôk / Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok.