Een Amerikaanse bommenwerper van het type B-26 Marauder valt het vliegveld van Leeuwarden aan op 24 februari 1944. Collectie Fries Verzetsmuseum, Leeuwarden

Underwiismiddei foar learkrêften oer ‘Oarloch yn ‘e klasse’

Leare & ûnderwiis
6 febrewaris 2025
Yn 2025 steane wy stil by in bysûndere mylpeal: 80 jier frijheid. Mar hoe besprekst dy skiednis mei learlingen yn 'e klasse? En hoe makkest gefoelige aktuele tema’s besprekber? It Fries Verzetsmuseum, Omrop Fryslân en Afûk organisearje in ynspirearjende ûnderwiismiddei foar learkrêften. Dat fynt plak op tongersdei 27 maart 2025 yn it Fries Museum. Op dy middei diele wy handige helpmiddels, metoaden en nije ynsichten dy’t de learkrêften daliks yn ’e klasse tapasse kinne. Sa meitsje wy meielkoar de oarloch yn de klasse besprekber.

Yn it ramt fan 80 jier befrijing Fryslân lansearret Omrop Fryslân Tsjil in nije edukative searje oer de Twadde Wrâldoarloch: Tsjil Tsjekt – Oarloch yn ‘e klasse. Om dy searje te yntrodusearjen én leararen te foarsjen fan ynsjoch yn hoe’t se skiednis en frijheid yn de klasse besprekber meitsje kinne, wurdt op 27 maart 2025 in spesjale ûnderwiismiddei organisearre yn it Fries Museum.

It programma op 27 maart set útein om 15.00 oere. Nei in wolkomstwurd, kinne de dielnimmers sjen nei de lansearring fan de nije Tsjil Tsjekt ûnderwiisspecial oer de Twadde Wrâldoarloch yn Fryslân. De Frysk-/Nederlânsktalige special fan it programma Tsjil Tsjekt, mei de titel ‘Oarloch yn ‘e klasse‘, is makke yn gearwurking mei Omrop Fryslân, Afûk en it Fries Verzetsmuseum, en is meifinansiere troch de Provinsje Fryslân yn it ramt fan ‘80 jier frijheid Fryslân’.

Tsjil Tjekt ûnderwiisspecial ‘Oarloch yn ‘e klasse’
Tsjil Tsjekt is in edukatyf online platfoarm fan Omrop Fryslân Tsjil foar de boppebou fan it primêr ûnderwiis. It online programma bestiet út ynteraktive en tematyske lessen mei edukative fideo’s, opdrachten en stellingen dy’t de bern klassikaal behannelje. Tsjil Tsjekt is fakoerstiigjend en troch mei te dwaan wurkje de klassen ek oan de kearndoelen Frysk.

De Tsjil Tsjekt special ‘Oarloch yn ‘e klasse’ is in fiifdielige searje dy’t spesjaal yn it ramt fan 80 jier befrijing ûntwikkele is foar learlingen fan groep 7 en 8. Yn de wiken dy’t foarôfgeane oan 4&5 maaie nimt it programma de klassen mei nei de oarlochsjierren. Wat barde der allegearre yn Fryslân yn de Twadde Wrâldoarloch? Hoe hawwe de bern fan doe dy tiid belibbe? Oan ’e hân fan edukative fideo’s en opdrachten helpe de bern de presintators troch de tematyske ôfleveringen hinne. Sa wurdt harren bygelyks frege om koades foar wapendroppingen te ûntsiferjen, it lot fan in Joadsk gesin op te spoaren en online it grêf fan in alliearde piloat te finen.

De searje bestiet út fiif dielen mei in wurkdruk fan gemiddeld 25 minuten per diel. Foar mear ferdjipping wurdt der ek lesmateriaal oan de ôfleveringen keppele foar dialooch en refleksje yn ’e klasse. De online lessen binne fergees en frij tagonklik yn Spoar 8, de lesmetoade foar de Fryske taal yn it basisûnderwiis.
Workshops
Op de ûnderwiismiddei wurde der fan 16.00 – 17:30 oere ek noch ferskate workshops oanbean. De learkrêften kinne kieze út fjouwer workshops:
– Workshop debatteren in de klas ‘Iedereen debatteert’ troch learkrêft en ûntwikkeler fan dy metoade Conny Ettema
– Workshop ‘Hoe bespreek ik vrijheid van meningsuiting en discriminatie in de klas’ fanút Tûmba
– Workshop ‘Anne Frank, de Tweede Wereldoorlog en Jodenvervolging’ troch de Anne Frankstichting
– Underwiispreview: speedtour troch de tentoanstelling IMPACT – Luchtoorlog in Friesland, 1940-1945

Nei ôfrin nûgje wy de learkrêften fan herten út om oanwêzich te wêzen by de iepening fan de tentoanstelling IMPACT, dy’t dy jûns fan 19.00 oere ôf plakfynt.

De Afûk, Omrop Fryslan en it Fries Museum hoopje mei dizze middei de learkrêften te ynspirearjen om it ûnderwerp oarloch – yn kombinaasje mei it Frysk – besprekber te meitsjen yn de klasse. Oanmelde foar de middei kin oant uterlik tongersdei 20 maart fia friesmuseum.nl/onderwijsspecial.