Wa is de nije Dichter fan Fryslân?

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
29 oktober 2021
Op freed 12 novimber wurdt tidens it Explore the North festival yn Ljouwert de nije Dichter fan Fryslân bekend makke. Tagelyk wurdt ôfskie nommen fan Nyk de Vries dy't de ôfrûne twa jier it amt fan Dichter fan Fryslân ferfolle hat. De Dichter fan Fryslân wurdt ien kear yn de twa jier beneamd troch Deputearre Steaten dy't dêrby advisearre wurde troch in advyskommisje.

It projekt Dichter fan Fryslân is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij. De advyskommisje bestiet dit jier út Cilla Geurtsen, Annemarie Lindeboom en Tsead Bruinja (foarsitter).

Foarôfgeand oan de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân troch deputearre Sietske Poepjes nimt Nyk de Vries ôfskie as Dichter fan Fryslân 2019 – 2021 mei de presintaasje fan syn nije dichtbondel ‘Asman’. Dizze feestlike middei wurdt mei mooglik makke troch Boeken fan Fryslân en Explore the North. De presintaasje is yn hannen fan Jelte Posthumus.

Der by wêze?
Hjirby nûgje wy jo fan herte út om oanwêzich te wêzen by de offisjele beneaming fan de nije Dichter fan Fryslân yn de Westerkerk yn Ljouwert op freed 12 novimber om 16:00 oere (ynrin: 15:30 oere). Oanmelde is needsaaklik en kin fia: ynfo@dichterfanfryslân.nl. Jo Corona QR-koade sil by de yngong skend wurde. Der kinne maksimaal 75 minsken yn ‘e seal. Tagong op basis fan folchoarder fan oanmelding.