Wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025 fan start
De ‘Lytse Gysbert Japicxpriis’ is dé priis foar it bêste Fryske gedicht troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. De winner fan de priis kriget in spesjale oarkonde en de fûl begearde ‘Gouden Fear’. Gedichten kinne ynstoerd wurde o/m 20 juny 2025. De priis wurdt útrikt op sneon 11 oktober 2025, as ûnderdiel fan it programma fan de provinsjale ‘grutte’ Gysbert Japicxpriis, de heechste literêre ûnderskieding yn Fryslân.
Meidwaan en mear ynformaasje
Foar skoallen dy’t meidwaan wolle oan dizze dichtkriich, is der in online lesbrief mei te gékke filmkes beskikber. Elkenien kin sa in Frysk gedicht skriuwe! Leaver in workshop ‘Frysk dichtsjen’ op skoalle? Dat kin! Edukaasjemeiwurkers komme yn april of maaie graach op skoallen del. Mear ynformaasje fynst op Tresoar.nl/lytse-gysbert.