WikiWomen en Fryske edit-a-thon sette har yn foar gelikensens en taalbehâld op Wikipedia
WikiWomen: Minderheden yn de Spotlight
Datum: 20 novimber, 15:00 – 17:00
Lokaasje: Stadskas, Aldehoustertsjerkhôf, Ljouwert
It WikiWomen Erasmus+ projekt nûget dosinten, fertsjintwurdigers fan musea en taalorganisaasjes en oare belangstellenden út om te ûntdekken hoe’t Wikipedia ynset wurde kin foar it fersterkjen fan digitale feardichheden, sosjale belutsenens en taalbehâld. By dit evenemint diele Ierske, Baskyske en Fryske learlingen en dosinten harren ynsichten en ûnderfiningen mei it fersterkjen fan frouljusrepresintaasje en minderheidstalen fia Wikipedia. Spesjale projektmaterialen lykas it WikiWomen Student Curriculum, de WikiWomen Teacher Toolkit, en de WikiWomen GLAM Toolkit wurde presintearre. Dy boarnen biede konkrete helpmiddels foar ûnderwiis en kultuersektor om Wikipedia te brûken yn harren wurk.
Fryske Edit-a-thon: Skriuw de Froulju Yn!
Datum: 20 novimber, fanôf 19:30
Lokaasje: Stadskas, Aldehoustertsjerkhôf, Ljouwert
De jûns giet de oandacht út nei de Fryske Wikipedy mei de Fryske Edit-a-thon. Under begelieding fan eksperts fan Wikimedia út Ierlân en Baskelân leare dielnimmers hoe’t sy sels artikels skriuwe en bewurkje kinne. It doel is om froulju mear sichtber te meitsjen en it brûken fan it Frysk as minderheidstaal te fersterkjen. Yn dizze workshop krije dielnimmers de kâns om daliks oan ’e slach te gean mei it skriuwen fan artikels oer ynspirearjende froulju, spesifyk foar de Fryske Wikipedia.
De jûn stiet iepen foar elkenien dy’t de krêft fan Wikipedia ûntdekke wol en him/har ynsette wol foar in heterogene, ynklusive en Fryske online wrâld!
Beide eveneminten binne fergees en biede in unike kâns om by te dragen oan in Europeeske beweging foar gelikensens en taalbehâld.