Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Winterwaar hâldt ek meiwurkers Afûkwinkel thús

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
8 febrewaris 2021
Us kollega's fan de winkel binne hjoed, moandei 8 febrewaris, net op lokaasje oanwêzich. Dat betsjut dat bestellings - partikulier en saaklik - dy't sneon, snein of hjoed dien binne/wurde, net earder as moarn ôfhannele wurde.

Troch koroana wurkje de measte Afûk kollega’s thús. De kollega’s fan de winkel lykwols, binne fan moandeis oant en mei freeds oanwêzich foar ûnder oaren it ferwurkjen en ferstjoeren fan allerhanne bestellings en it beantwurdzjen fan de telefoan. Troch it barre winterwaar is it hjoed net ferantwurde om de reis nei Ljouwert te meitsjen en moatte de bestellings spitigernôch even lizzen bliuwe oant moarn. Mooglik binne wy ek telefoanysk wat minder goed te berikken. Wy rekkenje op jo begryp!