Nyk de Vries. Foto: Jacob van Essen

Witsto wêrom’t literatuer en poëzy sa moai wêze kinne?

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Leare & ûnderwiis
27 augustus 2020
Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries, jout it antwurd op dy fraach yn in literêr lesprogramma dat hy spesjaal foar middelbere skoallen yn Fryslân makke hat. Hy makket dêrby tankber gebrûk fan syn eigen erfarings op de middelbere skoalle. De lesprogramma’s binne geskikt foar gruttere en lytsere groepen en bestean út in optreden en les yn ien. De earste skoallen hawwe har oanmelden.

‘Literatuer en poëzy giet oer dysels, oer dyn eigen libben. Oer minsken fan dyn eigen leeftyd, yn deselde stêden en doarpen as dû, mei deselde fragen en langsten,’ sa seit Nyk de Vries. Op tagonklike en humoristyske wize bringt hy yn it lesprogramma syn (foar in grut part eigen) ferhaal. In ferhaal oer syn eigen middelbere skoaljierren – as boufakkerssoan út in húshâlding dêr’t literatuer net fanselssprekkend wie. Hy fertelt oer syn eigen wille en ûnwissens yn dy tiid, oer fereale wêze en ferwachtings en foaral oer hoe’t er yn dy jierren sels mei it skriuwen en de literatuer yn oanrekking kaam. It earste lesoptreden stiet pland op tiisdei 22 septimber op Terra Wolvegea.

De Dichter fan Fryslân ek fergees by jim op skoalle? Meld jim no oan! Ek foar mear ynformaasje sjochst op www.dichterfanfryslan.nl.