Workshop Frysk spesjaal foar útfeartboaden
In skoftke lyn hat it kursus-team fan de Afûk mei in tal útfeartboaden om ’e tafel sitten om te sjen oft der in plan betocht wurde koe om minsken te helpen by it skriuwen fan rou-advertinsjes yn it Frysk. Dat levere in hiel soad ynformaasje en tips op. En it waard dúdlik dat der by de de boaden yn Fryslân seker wol ferlet is fan sa’n koarte kursus, spesjaal foar dit doel.
Underwilens is der hurd wurke om materialen te ûntwikkeljen én in workshop op te setten spesjaal foar de útfeardboaden. It doel? Flaterfrije Fryske rou-advertinsjes yn ‘e kranten.
De workshop biedt in kompleet programma om de skriuwfeardigens fan it Frysk te ferbetterjen: byienkomsten, tagong ta it digitale learplatfoarm eduFrysk, lesmaterialen, in oersichts-‘spyk’kaart fan de Fryske stavering en in boekje mei Fryske routeksten. It programma bestiet út trije byienkomsten, dy’t plakfine sille yn maart en april 2025. Yntusken binne der al 18 oanmeldingen binnenkaam by de kursusorganisaasje fan de Afûk. Dêr binne wy hiel wiis mei, en der is noch plak foar mear boaden.
Fryske routeksten
Foar dizze workshop binne der twa handige boekjes ûntwikkele. De earste is in saneamde ‘spykkaart’ Flaterfrij Frysk, mei dêryn in koart oersjoch fan de Fryske stavering, dy’t ek by de oare kursussen Frysk Skriuwen brûkt wurde sil. Yn de kaart fynst hiel oersichtlik ynformaasje oer it tapassen fan bygelyks it oe-lûd, it ferskil tusken ch/g, f/v en s/z, twalûden, brekking, kapkes, de apostrof en noch folle mear.
It oare boekje Teksten by ferstjerren, ferlies, rou & tankbetsjûgjen is spesjaal makke foar de boaden. Yn dat oersjoch binne in hiel soad foarbyldsinnen te finen dy’t brûkt wurde kinne by it opstellen fan rou-advertinsjes, routeksten en tankbetsjûgingen; yndield yn kategoryen lykas: âlderom, sykte, bern, kristlike teksten en ûnferwachte ferstjerren. Ek Fryske sinnen foar praktyske meidielingen en in list mei faak foarkommende wurden binnen opnommen yn it boekje.
Ynteresse?
Bisto of kensto in útfeartboade dy’t ferlet hat fan dizze workshop? Dan kin der noch hieltyd oanmelden wurde by de kursusorganisaasje.
Wy biede it komplete pakket oan foar € 75,-. Ynskriuwe kin fia in mailtsje nei: kursus@afuk.frl. Jou dêrby de namme, e-mailadres en faktueradres oan ús troch. Do krigest fan ús in befêstiging en in faktuer. In pear wiken yn ‘t foar wurdt dan noch in mail mei it programma tastjoerd. By fragen kinst ek telefoanysk kontakt opnimme fia: 058-234 30 70.