Wat moai dat jim mear dwaan wolle mei it boek 'De Wurdskat'!

Taal hat krêft. Ast de taal machtich bist, kinst de wrâld om dy hinne begripe, eigen foarstellingen, winsken en behoeften formulearje, sosjale relaasjes ûnderhâlde en dy yn in groep posisjonearje.

Taal is ek leuk en prikelet de sintugen! Wa’t leart om bewust – en sa no en dan boartlik – mei taal om te gean, kriget dêr in soad foar werom.
Rebecca Gugger en Simon Röthlisberger bringe dy boartlike omgong mei taal mei takt en humor oer: harren printeboek De Wurdskat komt ta libben troch in stimulearjende wikselwurking tusken byld, grafyske keunst en tekst.

Dizze lesbrief by it boek is bedoeld om learkrêften te ynspirearjen om de taalûntwikkeling fan bern te befoarderjen en har tagelyk mei de leafde foar taal en wurden fertroud te meitsjen. Mei de suggestjes yn de lesbrief wurdt wurke oan leardoelen op it mêd fan taalfeardichheden, taalbewustwêzen en
taalbeskôging.

Klik op it plaatsje foar de lesbrief! (download yn PDF)