Wurkje mei oan in nije taal fan en foar Ljouwert
Mei Pidgin Ljouwert makket keunstner Ahilan Ratnamohan in nije taal, om sjen te litten hokker talen en minsken der allegear yn Ljouwert wenje. Dêrom wol er graach prate mei minsken út al dy ferskate taalgroepen dy’t Ljouwert hat. Ahilan is benijd hoe’t de minsken de ferbining fiele mei de taal dy’t se thús sprekke. Wat bart der ast yn it deistich libben in oare taal as dyn memmetaal brûke moast om dy te uterjen? Hokker wurden út de eigen taal mist eins, ast Nederlânsk sprekst?
Ahilan is in Australiër fan Srylankaanse komôf, dy’t nei Europa kaam om oan syn karriêre as fuotballer te wurkjen. Doe’t dat gjin sukses waard, besleat er om syn ûnderfiningen om te foarmjen nei teäterfoarstellings. Njonken it fuotbaljen hat Ahilan in grutte fassinaasje foar it learen fan (in nije) taal en hokker effekt dit op minsken hat.
Wa kin der meidwaan?
– Wy sykje dielnimmers (fan 16 jier en âlder), dy’t it Nederlânsk as twadde taal leard hawwe en dy taal op deistige basis brûke. Alle memmetalen binne wolkom. Oft dat no Sranan Tongo, Frysk, Tigrinya, Liwwadders of Spaansk is, wy sykje se allegearre!
– Do fynst it nijsgjirrich om nei te tinken en te fertellen oer hoe’t it is om de Nederlânske taal yn plak fan dyn memmetaal te brûken.
Wat wurdt der fan dy frege?
– Nei dyn oanmelding planne wy yn jannewaris in petear yn fia Zoom of telefoan, om yn de kunde te kommen. It petear giet oer de wurden dy’tst mist út dyn memmetaal.
– Nei it earste petear kinst keazen of frege wurde om de nije taal Pidgin Ljouwert mei op te rjochtsjen.
– It projekt nimt yn totaal sa’n 10 oeren yn beslach, ferspraat oer in tal moannen, en resultearret yn in wurdboek en in performance.
Klik HJIR om dy oan te melden.
Pidgin Ljouwert is in projekt fan Productiehuis Explore the North, Afûk, Ljouwert City of Literature en keunstner Ahilan Ratnamohan (ûnderdiel fan keunstnerskollektyf ROBIN út Brussel) en wurdt út de Proeftún Meartaligens wei stipe troch We the North.