Wy sykje in lesjouwer Frysk

Leare & ûnderwiis
9 jannewaris 2026
Twa kear yn it jier wurde kursussen Frysk jûn fan tsien lessen, sawol jûns as oerdeis en op ferskate plakken yn Fryslân. Omdat it tal kursussen tanimt, sykje wy nije lesjouwers Frysk! Wolsto as dosint de Fryske taal en kultuer oan folwoeksenen oerbringe en minsken entûsjast meitsje foar it Frysk? Dan komme wy graach mei dy yn kontakt.

Hasto it foech Frysk (fû of Afûk-akte) of hasto de ambysje om dat te heljen? Stjoer dan foar 1 febrewaris in mailtsje nei: kursus@afuk.frl of belje mei 058-2343070.

Neidat wy mei inoar yn ’e kunde kommen binne en wy beide entûsjast binne, folget in oerienkomst foar it tal oeren fan de kursus dy’tst jaan silst. Dy oerienkomst kin útwreide wurde mei de oeren fan meardere kursussen, dat kinst hielendal sels beslute.

Mear ynformaasje fynst op: kursus.afuk.frl/taaldosint-wurde.