ZEA en Tsead Bruinja tegearre op Skuorre- en Tsjerketoer troch Fryslân en Amsterdam

Boeken fan Fryslan Frije tiid Oer it Frysk
2 maart 2022
Muzikant Arnold de Boer - ZEA - en dichter Tsead Bruinja slaan de hannen ynien en meitsje dit foarjier tegearre in toer troch Fryslân en Amsterdam. Beide makkers presintearje nije ferskes en gedichten yn harren Skuorre- en Tsjerketoer.  ZEA spilet muzyk fan syn yn novimber útbrochte album Witst noch dat d'r neat wie en âld-Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja bringt wurk út syn nije bondel Ynbêde/Ingebed, dy't op 25 maart útkomt by útjouwerij Afûk. Neist ferskes en foardrachten spylje De Boer en Bruinja tidens de toer, by ferskate pittoreske tsjerkjes, poadia en in skuorre del, ek mei-inoar op poëzy en muzyk op it poadium.

ZEA spilet nij wurk fan Witst noch dat d’r neat wie
Yn novimber fûn de release plak fan Witst noch dat d’r neat wie, it twadde Frysktalige album fan ZEA en in koproduksje fan Explore the North en de Popfabryk. De releasetoer moast fanwege koroana ôfbrutsen wurde, wêrtroch’t ZEA it wurk fan dit album no foar it earst op de Fryske poadia presintearje sil tidens de Skuorre- en Tsjerketoer. It is in album mei yntime en poëtyske teksten en muzyk, wat it tige geskikt makket foar lytsere poadia lykas tsjerken.
Arnold de Boer: “Voor de totstandkoming van Witst noch dat d’r neat wie, heb ik samengewerkt met verschillende (internationale) artiesten. Het is een heel talig album geworden, waarin poëzie een grote rol speelt. Tsead heeft me geholpen met een vertaling van een van mijn Friese teksten. We werken regelmatig samen; zijn poëzie en mijn muziek sluiten erg goed bij elkaar aan, óók inhoudelijk, we worden geraakt door dezelfde thema’s. Dus deze gezamenlijke tour, waarbij we los van elkaar ons eigen nieuwe werk laten horen én we samen optreden, voelt heel natuurlijk.”

Nije bondel Tsead Bruinja Ynbêde / Ingebed
Dichter Tsead Bruinja draacht tidens de toer wurk foar út syn bondel Ynbêde/Ingebed, foar in part tegearre mei ZEA. De bondel komt op 25 maart út by de Afûk en fertelt persoanlike ferhalen oer leafde en libben yn in rûzige perioade fan Bruinja’s libben, mar ek libbensferhalen fan oaren. Bruinja: “Als Dichter des Vaderlands ging ik samen met Arnold, een (wisselende) gastdichter en fotografe Rosa van Ederen langs Friese verzorgingshuizen. Daar gingen we in gesprek met ouderen over hun jeugd en leven, waarna we dat samen met hen in een liedje verwerkten.” De toer draacht by oan de bân tusken De Boer en Bruinja: “De ouderen deelden heel intieme persoonlijke verhalen met Rosa, Arnold en mij, onder andere over hoe zij de Tweede Wereldoorlog hebben meegemaakt. Dat zorgde ervoor dat wij ‘s avonds in het hotel aan het diner ook verhalen gingen delen over onze ouders en grootouders.”

Fan 25 maart oant 25 juny te sjen yn Fryslân en Amsterdam
De toer set op 25 maart útein yn de Vijfpoort yn Formerum (Skylge) en docht 15 ferskate lokaasjes oan. Dêrneist is de toer ek te sjen op twa Amsterdamske poadia; De Boer en Bruinja wenje beide yn de haadstêd. De tour einiget op 25 juny op it Literair Festifal yn Harns.
De kaartferkeap foar hast alle shows, set útein op tiisdei 1 maart. Alle data en tickets binne te finen op de website fan produksjehûs Explore the North.

Gearwurking Skuorre- en Tsjerketoer
De toer is in koproduksje fan ZEA en Tsead Bruinja mei Explore the North en Popfabryk. Geregeld wurkje Explore the North en Popfabryk gear oan produksjes op it mêd fan popkultuer en taal/literatuer. Explore the North en Popfabryk binne tagelyk koprodusint fan ZEA’s album Witst noch dat d’r neat wie. Ynbêde/Ingebed is mei mooglik makke en wurdt útjûn troch de Afûk.
Mei stipe fan Emmaplein Foundation, Boersma-Adema Stichting, P.W. Janssen’s Friesche Stichting en Stichting Alde Fryske Tsjerken.