Aginda oersjoch

22 jannewaris 1 febrewaris

Nasjonale Foarlêsdagen 2020

Mei de Nationale Voorleesdagen is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0 o/m 6 jier. Op 22 jannewaris wurde der byg. troch it hiele lân op ferskate plakken lykas bibleteken, basisskoallen, pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen foarlês’ontbijten’ organisearre. Lokale helden en bekende Nederlanners binne der ek by om it belang fan foarlêzen út te dragen. Mear ynformaasje oer de foarlêsdagen en bygelyks it printeboek fan it jier fynst op www.nationalevoorleesdagen.nl.

24 jannewaris

Deadline ferhalewedstriid Boeken fan Fryslân

Yn it ramt fan it BoekWinterBoekfeest op freed 31 jannewaris yn Café de Bakkersdochter yn Snits hat Boeken fan Fryslân (BFF) in ferhalewedstriid útskreuan foar lêzers. Elkenien wurdt fan herten útnûge om in koart ferhaal fan 500 à 600 wurden te skriuwen yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen. It tema foar it feest en dus ek it ferhaal is ‘Koek en Sophie’. Ynstjoere kin hjoed noch! Mear ynfo fynst hjir.

31 jannewaris

Deadline ferhalewedstriid oer 75 jier frijheid

Takom jier is it 75 jier lyn dat der in ein kaam oan de Twadde Wrâldoarloch. Wy libje 75 jier yn frijheid, mar wat betsjut dat foar ús? Wat is frijheid presys? Wurdearje wy de frijheid noch genôch? Wat is it effekt fan it frij wêzen foar ús? Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar ropt skriuwers en dichters op om oer it tema ‘75 jier frijheid’ yn it Frysk, of ien fan de Fryske streektalen, ferhalen en gedichten te meitsjen. Hjoed is de lêste dei om dyn bydrage yn te stjoeren! Sjoch hjir foar mear ynfo.

31 jannewaris

BoekWinterBoekfeest

Boeken fan Fryslân presintearret: it BoekWinterBoekfeest. Yn Café de Bakkersdochter yn Snits (Scharnestraat 17) fan 20.00 oere ôf. Wa wint de ferhalewedstriid en bringt syn/har ferhaal oer it fuotljocht? Mei dêrneist optredens fan oare Fryske skriuwers, lykas Sipke de Schiffart, Willem Schoorstra, Klaas Jansma, Baukje Zijlstra en Henk van der Veer en live-muzyk fan it duo Weima & vd Werf. It tema fan it feest is ‘Koek en Sophie’. Elkenien is fan herte wolkom!

2 febrewaris

Fryske middei yn Culemborg

Om 16.00 oere yn de eardere synagoge oan it Sint Janskerkhof yn Culemborg. In noflike middei foar Friezen om utens om wer ris even ‘gewoan’ Frysk te praten. Fierder in programma mei Fryske lieten, film en ferhalen, optreden fan it Jouster koar ûnder lieding fan Grietje Dam en omtinken foar it wurk fan skriuwer en dichter Harmen Wind. De tagong is fergees. Mear ynformaasje op www.deroosvanculemborg.nl.

14 febrewaris

Falentynsdei

Ik hâld fan dy, oant de moanne en werom … Soms, ast in hiele, hiele protte fan ien hâldtst, wolst dúdlik meitsje hoe grut dyn gefoelens binne. Falentynsdei is by útstek de dei om dyn allerleafste te ferrassen mei in leaf kadootsje. Yn it boek ‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin’ krije Lytse Ljochtbrune Hazze en Grutte Ljochtbrune Hazze yn ‘e gaten dat it net maklik is om te mjitten hoefolle ast fan ien hâldst! Dit en noch in hiel soad oare leave boeken fynst yn ús winkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert óf yn ús websjop.

 

7 maart 15 maart

Nasjonale Boekewike

De nasjonale boekewike – de 85ste fan ‘t jier – wurdt op 6 maart tradisjoneel ôftrape mei it Boekenbal yn Amsterdam. Dêrnei fine o/m 15 maart troch it hiele lân aktiviteiten plak, û.o. in toernee fan Annejet van der Zeijl, skriuwster fan it Boekenweekgeschenk 2020. Op sneon 7 maart is sy te gast op it Fryske Boekefeest yn Ljouwert! It boekewikegeskink is ek dit jier op fersyk fan Boeken fan Fryslân oersetten yn it Frysk en leit yn dizze perioade njonken de Nederlânske edysje foar dy klear yn de boekhannel.

7 maart

Frysk Boekefeest

Yn Fryslân traapje wy de Boekewike ôf mei it Frysk Boekefeest yn Ljouwert. Spesjale gast is Annejet van der Zeijl, skriuwster fan it boekewikegeskink. Direkteur fan it HCL en literatuer leafhawwer Geart de Vries giet mei har yn petear. Ek oersetster Baukje Zijlstra komt oan it wurd. Fierder mei muzikale yntermezzo’s en in optreden fan de band WIEBE. De hiele moanne maart binne der noch literêre aktiviteiten, organisearre troch Boeken fan Fryslân, yn de provinsje. Mear ynformaasje folget.