It is Nasjonale Boekewike!
Fakatuere lid fan de Rie fan Tafersjoch
Jou dy op foar de workshop Taalpsychology

Nijs

De Afûkside fan sneon 7 maart hielendal yn it teken fan de Nasjonale Boekewike

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Dizze kear is it poadium alhiel foar Boeken fan Fryslân en […]

It fergetten wurd fan tongersdei 5 maart is: ‘rampoai’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan: rampoai. Wat betsjut it? Wêr komt it wei?

Fryske film ‘Wekker’ bekroand op festival yn Londen

De koarte film Wekker fan Omrop Fryslân Tsjil hat by it filmfestival Lift Off Season Awards yn Londen de priis foar Best Art Direction en Best Short Narrative wûn. Op eardere festivals yn Parys, Roemenië en Italië foel de film ek al yn de prizen. De sjuery yn Londen wie ûnder de yndruk: “In meislepende […]

Dit is de Afûk BoekeTIP10 fan maart 2026

In nije moanne, in nije BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op dy list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Fansels ha wy ek foar de moanne maart wer […]

Hasto in moai plak om te tútsjen?

Ja hear, nei in lang skoft fan ôfwêzigens is er der wer: de dit-is-moai-plak-om-te-tútsjen-stikker fan Praat mar Frysk! Wat in moai plak is om te tútsjen is fansels hielendal oan dy, mar as’t sa’n plak fûn hast, plak der dan lekker sa’n stikker op en wa wit! Bestel it stikkerfel fergees op praatmarfrysk.nl.

Fakatuere! Wy sykje in nij lid foar ús Rie van Tafersjoch

Foar ús Rie fan Tafersjoch (RfT) binne wy op koarte termyn op syk nei in nij lid, wurksum yn it finansjele fjild, mei in skerp each foar taal, kultuer en ûnderwiis. De RfT sjocht derop ta dat de útfiering fan it bestjoersbelied strookt mei de rjochtlinen yn de regeljouwing en û.o. de Governance Koade Kultuer. Mei […]

Bliuw op de hichte Meld jo oan foar de Afûk nijsbrief

Populêr

Korreksje- en oersethelp

Kinne wy dy helpe?

Streektalen yn Fryslân

Oer it Frysk

Neist Frysk en Nederlânsk wurde yn ‘e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryske streektalen sprutsen, dy’t yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der de Nedersaksyske dialekten, dy’t lânseigen binne yn ‘e súdeastlike râne fan ‘e provinsje.

Spultsje dwaan

Frije tiid

Spultsjes foar lyts en grut binne der ek yn it Frysk, sawol digitaal as fysyk.

Kursussen Frysk foar folwoeksenen

Leare en ûnderwiis

In kursus Frysk folgje kin by de Afûk yn allerhande foarmen: fan Frysk ferstean oant Frysk skriuwen en fan selsstúdzje oant in kursus op maat. Der binne ek kursussen oer de skiednis en kultuer fan Fryslân en it is mooglik om in oplieding ta taaldosint Frysk te dwaan.